Aksje Balk foar alvestêde-iis

30 des 2008 - 20:48

Mei man en macht is tiisdei yn Balk wurke oan it earste knyppunt yn it alvestêde-iis. Yn it sintrum wie in grut wek ûntstien trochdat der einen yn it wetter sieten. Troch grutte netten oer it wetter te spannen hoopje se dat de einen in oar plakje opsykje sille.

It wek is inkele tsientallen meters lang en it duorret wis in pear dagen foardat dat goed genôch tichtferzen is om dêr oerhinne ride te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)