Aksje autoride sûnder drank

15 mrt 2008 - 15:23

Besikers fan diskoteek Rumours yn Ljouwert wurde sneon wiisd op it belang fan autoride sûnder drank. In team fan saneamde 'responsible young drivers' is sneontejûn yn de diskoteek.

Se benaderje de besikers mei de fraach oft se al ien útsocht ha dy't net drinkt, sadat dy weromride kin. Dy 'Bob' krijt in earmbantsje dat net mear ôf wol. Oan de ein fan de jûn moat de Bob blaze. It útgeanspublyk moat sa oan it tinken set wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)