Aksje apoteken tsjin belied

14 jun 2008 - 17:41

In tal Fryske apotekers fiert moandei aksje tsjin it kabinetsbelied wêrby't se ferplichte wurde de goedkeapste medisinen te ferkeapjen. Neffens de aotekers giet dit sa bot ta koste fan de marzje, dat de ynkomsten ûnder druk komme te stean.

Van der Iest fan de aptekersorganisaasje KNMP ôfdieling Fryslân ferwachtet dat troch dizze maatregel apotekers fallyt gean sille. Ut protest giet in tal apoteken moandei tusken 12 en 14 oere ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)