Aksje by Abe Lenstra stadion

17 jun 2013 - 07:16
  • Doazen en in spandoek foar de doar fan it stadion

De haadyngong fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is moandeitemoarn betiid blokkearre mei in muorre fan ferhúsdoazen. Op in spandoek dat der boppe hinget, stiet de tekst 'Directie en RvC: inpakken maar'. It aksjekomité 'Wij zijn Heerenveen' sit achter de aksje en hat oankundige dat it aksjefieren bliuwt oant de direksje en de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean opstapt binne.

Dit wykein noch waard bekend dat Foppe de Haan opstapt by de klup. Ek hy is it net iens mei it beleid fan de direksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)