Akkrumer sjit mei luchtbuks op doarpsgenoaten

23 jul 2015 - 09:57

In 53-jierrige man út Akkrum is woansdeitejûn oanhâlden nei't hy doarpsgenoaten mei in luchtbuks besketten hie. Der rekke net ien ferwûne. De man soe earder op de jûn in rút fan in wenning oan de Suster van der Veghtstrjitte fernield hawwe.

Doe't omstanners ferhaal helje woenen by syn wenning, skeat de fertochte ferskate kearen op de groep. De man is oanhâlden foar it besykjen ta deaslach en meinaam nei it plysjeburo. It wapen is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)