Akkrumer gefaar op 'e dyk

21 aug 2011 - 14:38

In 83-jierrige autobestjoerder fan Akkrum is sneon op It Hearrenfean tsjin it ferkear yn de grutte dyk opriden. In autobestjoerder út Nij Beets koe de man noch krekt ûntwike, mar kaam troch it hurde remjen tsjin de fangrail yn de berm ta stilstân. De Akkrumer ried gewoan troch wêrtroch't gefaarlike situaasjes ûnstiene.

Wûnder by wûnder ûnstiene der gjin oanridings op de dyk. De plysje hat de spûkrider oanhâlden. De man is heard en tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)