Akkrumer bedriget tafersjochhâlder op de Weaze yn Ljouwert

08 maaie 2015 - 12:21

In 33-jierrige man út Akkrum is tongersdeitenacht yn Ljouwert oanhâlden, nei't hy in meiwurker fan stedstafersjoch bedrige hie.

De meiwurker stapte op de Weaze mei in kollega út de auto, doe't de Akkrummer fuortendaliks op him ôfstapte en him ferskate kearen bedrige. De Akkrummer sit noch fêst foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)