Akkrum wol wettertoer behâlde

13 mrt 2007 - 15:45
  • De wettertoer

Pleatslik Belang Akkrum freget de gemeente Boarnsterhim nochris om de wettertoer te keapjen. Oars soe it byldbepalende gebou wolris ferlern gean kinne.

Wetterbedriuw Vitens hat de wettertoer yn de ferkeap set. Hy is ek oanbean oan de gemeente Boarnsterhim, mar dy seit gjin jild te hawwen foar de keap. De Akkrumers binne no benaud dat in partikulier of vastgoedbedriuw de toer keapet en sloopt foar wentebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)