Akkrum hellet kliko-rekôr

23 des 2012 - 10:39

Akkrum hat sneon it Guiness Book of Records helle, mei in slachwurkkonsert op 1001 papierkontainers. Foar it rekôr wie spesjaal in muzykstik skreaun. Op in grut skerm koene de dielnimmers sjen wannear't se op de kliko's slaan moasten. Dat koe mei in trommelstok of mei it lid.

De dielnimmers kamen út Akkrum en Nes. De rekôrpoging waard holden yn it ramt fan it Midwinter-muzykfestival. Dat waard sneon foar it earst holden yn Akkrum. Der wiene optredens fan ferskate koaren yn húskeamers, winkels, kroegen en tsjerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)