Akkountant ferwachte oanjefte

13 des 2008 - 12:43

Boekhâlder Galama fan Reduzum seach de oanjefte tsjin him fanwege smaad en laster fan 'e gemeente Boarnsterhim wol oankommen. Boargemaster Schadd-De Boer makke de oanjefte freed bekend.

Galama hat yn in krante-artikel sein dat Boarnsterhim rommele hat mei gegevens om in positive begrutting foar 2009 te krijen. Neffens boargemaster Schadd is fan fraude perfoarst gjin sprake. Dat wie reden foar har om juridyske stappen te nimmen tsjin de akkountant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)