Akkoart werynrjochting polder

01 des 2004 - 11:42

Oer de werynrjochting fan de Lemster polders is in akkoart berikt. Der wie in skeel oer de takomst fan it gebiet westlik fan de Polderdyk, it reservaatsgebiet Groote Brekken. Dit part fan de Lemster polders soe in natuerbestimming krije, mar net alle belanghawwenden wiene it dêr mei iens.

Dy belanghawwenden binne der no akkoart mei dat it natuergebiet frij foar de boezem komt te lizzen en ûnder wetter komt as der ferlet is fan wetteropfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)