Akkoart wenkompleks Drachten

28 okt 2004 - 11:24

De provinsje is akkoart mei de bou fan in nij wenkompleks foar lichaamlik handikapten yn Drachten. It giet om in kompleks Leidyk, dat bestiet út 36 wenten. Ek komme der behannelrûmten. It kompleks bestiet út trije gebouwen, fan meardere ferdjippings.

Fan nije wike ôf kinne der beswieren tsjin de bou ynbrocht wurde by de gemeente Smellingerlân. Komme dy beswieren der net, dan set de bou op koarte termyn út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)