Akkoart sûkerbiteboeren

30 sep 2006 - 11:17

Der komme foarearst gjin aksjes fan lilke sûkerbitetylders. De tylders hiene drige in fabryk fan CSM plat te lizzen as der gjin goede kompensaasje kaam foar de ferkeap fan de sûkerdivyzje oan Cosun.

De boeren moatte har lykwols dellizze by it akkoart dat de sûkerbite- federaasje sletten hat. Dy hat ôfpraat dat de tylders foar de ferkeap 13,5 miljoen euro krije. Guon tylders woene goed 30 miljoen euro ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)