Akkoart Spaansen yn sicht

24 maaie 2011 - 22:52

It liket derop dat de wurknimmers fan Spaansen Bouwsystemen yn Harns akkoart geane mei in nije reiskostefergoeding. By Spaansen wurkje 88 minsken en 34 dêrfan reizgje fan july ôf oardel jier lang nei Beton Son yn Kampen, omdat beide bedriuwen meielkoar gearwurkje.

Spaansen woe de tiid dat dy minsken ûnderweis binne net fergoedzje, de fakbûnen fregen út namme fan de wurknimmers de helte. Spaansen is no mei in foarstel kommen en de leden sprekke har dêr woansdei oer út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)