Akkoart sosjaal plan Vitens

22 sep 2010 - 18:42

It fakbûn Abvakabo FNV en wetterbedriuw Vitens hawwe in prinsipe-akkoart berikt oer in sosjaal plan. Woansdei soe in ultimatum dat steld wie troch it fakbûn ôfrinne. Der wurdt al moannen ûnderhannele oer in sosjaal plan, mar Vitens wie hieltyd weromhâldend as it gie om it dwaan fan tasizzings.

Oer de wichtichste knipepunten binne no neffens it fakbûn goeie ôfspraken makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)