Akkoart sosjaal plan Avek

08 des 2005 - 13:36

De fakbûnen hawwe mei de direksje fan bêdefabrikant Avek yn Surhusterfean in akkoart berikt oer in sosjaal plan. By it bedriuw ferlieze 15 minsken har baan, omdat der minder opdrachten binne.

Yn it sosjaal plan binne ôfspraken makke oer fergoedings foar de minsken dy't op strjitte komme te stean. It giet dêrby om salaris en om in bedrach fan 1.000 euro dat brûkt wurde kin foar it sykjen nei wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)