Akkoart Schatzenburg fan de baan

23 des 2005 - 18:10

In mearderheid yn de rie fan Menameradiel is tsjin it akkoart dat it kolleezje sletten hat mei eigner Van Booma fan rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam.

Beide partijen binne nei jierren fan problemen ûnder oare oerienkaam dat de gemeente de sporthal oerkeapet en dat it swimbad ticht bliuwt foar publyk. Dat is bestimd foar gasten fan it rekreaasjekompleks. De measte riedsleden sjogge dat net sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)