Akkoart Prins Dokkum fan tafel

10 apr 2013 - 21:13
  • Prins Dokkum

It sosjaal plan dat de direksje fan Prins Dokkum mei de fakbûnen en it personiel sletten hat, is fan tafel. De direksje wol dat de meiwurkers har ûntslach net oanfjochtsje.

Meiwurkers krije in ûnslachbrief dy't se foar 22 april ûndertekenje moatte. Deryn stiet ek dat se net nei de rjochter stappe meie. Ferline wike is nei wiken fan staken en ûnderhanneljen in sosjaal plan foarlein oan it personiel. Deryn stie dat de 34 wurknimmers akkoart geane mei in ûntslach fergoeding fan seis moanne-salarissen.

De direksje hie doe al ekstra foarwaarden stelt oer it oanfjochtsjen fan it ûntslach, mar dêr giene de bûnen en meiwurkers net op yn. De direksje giet hjir no net mei akkoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)