Akkoart preemjes Hearrenfean

19 nov 2010 - 17:35

De direksje fan SC Hearrenfean en de spilers hawwe in akkoart berikt oer ferleging fan de preemjes. Fanwege de minne finansjele situaasje hie de direksje ferline wike in ferleging foarsteld dêr't de spilers net mei akkoart gongen. Mar de problemen binne no út 'e wrâld.

Nei in pear kear praten is in kompromis berikt oer it preemjestelsel. Dat leit tusken it besteande stelsel en it eardere foarstel fan de direksje yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)