Akkoart plannen Lawei

05 feb 2013 - 23:52

Skouboarch De Lawei en Sintrum foar de Keunsten De Meldij yn Drachten kinne fierder mei harren takomstplannen. De ried fan Smellinerlân gie tiisdei akkoart mei in ekstra ynvestearring fan 600.000 euro foar de nijbou. It ekstra jild wurdt brûkt om it nije gebou fan de beide partijen enerzjysuniger te meitsjen mei in saneamde waarmte- en kâldynstallaasje en sinnepanielen. It folsleine plan kostet hast 18 miljoen euro.

Yn juny sil de gemeenteried noch ien kear oer dit ûnderwerp byinoar komme foar de definitive gunning fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)