Akkoart Piter Jelles as foarbyld

29 okt 2002 - 00:00

De rjochtsposysje fan it personiel fan Piter Jelles is fêstlein yn in akkoart mei de ûnderwiisbûnen. Belangrike punten binne minder wurkdruk, in bettere persoanlike ûntjouwing en in oare foarm fan beleanning fan de leararen fan de skoalle.

De regeling jildt foar twa jier en kin as foarbyld tsjinje foar oare skoallen. De leden moatte noch akkoart gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)