Akkoart Philips Drachten

20 okt 2008 - 22:29

De direksje fan Philips Drachten en de fakbûnen hawwe moandeitejûn in prinsipe-akkoart sluten foar in sosjaal plan foar de kommende trije jier.

By it skearapparatefabryk sille ek de kommende jierren banen ferlern gean. Ofpraat is dat meiwurkers dy't frijwilich fuortgean stipe krije by it finen fan in oare baan. De fakbûnen binne bliid mei de regeling en hoopje dat massa-ûntslaggen sa tefoaren kommen wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)