Akkoart oer toeristebelesting

06 jul 2007 - 10:29
  • toerist moat mear betelje yn Dongeradiel

Dongeradiel sil fan 2008 ôf definityf toeristebelesting heffe. Dat hat de ried tongersdei besluten. Undernimmers út de toeristyske sektor binne der net bliid mei. De PvdA en Algemien Belang Dongeradiel ek net.

It is noch net dúdlik hoefolle jild oft der frege wurdt. In foarstel om 55 sinten per persoan per oernachting te heffen, helle it net yn de ried. Yn novimber wurdt nochris fergadere oer de hichte fan de toeristebelesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)