Akkoart oer sosjaal plan Brand Energy Services

30 jul 2015 - 10:13
  • Brand Energy & Infrastructure Services

Fakbûn FNV hat in akkoart sletten mei de direksje fan it bedriuw Brand Energie & Infrastructure Services. Meiwurkers fan it wrâldwide bedriuw, mei ek festigings yn Koatstertille, Klazienaveen en Farmsum, hawwe de ôfrûne tiid fjouwer kear in dei it wurk dellein om't se in goed sosjaal plan hawwe wolle no't it bedriuw minsken dien jaan wol.

Yn de nije ôfspraken is de ûntslachfergoeding heger wurden en jildt it sosjaal plan folle langer. By de trije festigings yn Noard-Nederlân wurkje 136 wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)