Akkoart oer sneinsiepening fan winkels yn Stiens

13 feb 2015 - 06:01
  • Dizze supermerk yn Stiens wol graach iepenbliuwe op snein

Winkels yn Stiens dy't iten ferkeapje, meie alle sneinen iepen wêze. Dat is tongersdei besletten troch de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. Dy prate oer in ynkrimping fan it tal keapsneinen. Foaral kolleezjepartij CDA wie tsjin de sneinsiepening fan winkels. Mar nei fûle protesten fan ûndernimmers kaam der in nij foarstel.

Winkels dy't iten ferkeapje meie tenei alle sneinen iepen wêze. Winkels dêr't gjin iten ferkocht wurdt, meie op tolve sneinen en trije feestdagen iepen wêze. Foar supermerken feroaret der yn de praktyk net folle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)