Akkoart oer sintrale as

05 des 2002 - 00:00

De provinsje hat nei jierren fan dreech ûnderhanneljen in akkoart berikt oer de saneamde sintrale as. Dat is in nije sneldyk dy't fan Dokkum nei it suden rinne moat. De provinsje en de gemeenten Tytjerksteradiel, Dantumadiel en Dongeradiel binne it no iens oer it trajekt en de ferdieling fan de kosten.

De provinsje drige der tongersdei mei op te hâlden as de partijen der net gau út komme soenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)