Akkoart oer Ryksjild

17 apr 2009 - 21:12

De provinsje Fryslân sjocht ôf fan in ekstra bydrage yn it provinsjefûns fan it Ryk. Om de ekonomyske krisis te liif te gean, ynvestearret it Ryk in soad ekstra jild. Dat soe betsjutte dat provinsjes, gemeenten en wetterskippen dêrfan meiprofitearje.

Sy hawwe lykwols ôfpraat, mei ûnder oaren minister Bos fan Finânsjes, dat dat net nedich is. De Ryksbydrage bliuwt no op itselde nivo as foar de ekonomyske krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)