Akkoart oer NUON-oandielen

10 apr 2006 - 22:18

De provinsje hat in mûnling akkoart berikt mei it Ministearje fan Ynlânske Saken oer it Falcon-projekt. Dat hâldt yn dat de provinsje jild belient mei de oandielen fan enerzjybedriuw NUON yn ûnderpand. De provinsje wol dy oandielen úteinlik ferkeapje, mar dat is oant no ta ferbean.

Fia de Falcon-konstruksje kin de provinsje dochs profitearje fan it jild dat de oandielen úteinlik opsmite en dêr projekten mei betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)