Akkoart oer mokselfiskerij

21 okt 2008 - 22:39

Natoerorganisaasjes en fiskers binne it iens wurden oer de mokselfiskerij op de Waadsee. Yn in konvenant dat juster yn oanwêzigens fan minister Verburg fan Lânbou ûndertekene waard, belove beide partijen elkoar dat se wurkje sille oan in duorsume fiskerij op it Waad. Natoerorganisaasjes sille dêrby net op 'e nij nei de rjochter stappe.

De organisaasjes binne byinoar brocht troch âld-deputearre Sicko Heldoorn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)