Akkoart oer kokkelfiskerij

01 jun 2011 - 22:57

De kokkelfiskers en de natuerorganisaasjes binne it iens wurden oer in nije foarm fan fiskerijbehear op de Waadsee. De fiskers meie op mear plakken op it Waad fiskje, mar net mear mei in soad boaten tagelyk. De Waadsee wurdt yn parten ferdield en troch lotsjen oer de 31 fergunninghâlders ferdield.

Sa bliuwe der genôch kokkels oer foar de fûgels. Troch dit akkoart komt der in ein oan in jierrenlange rúzje tusken fiskers en natuerklups.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)