Akkoart oer guozze-oerlêst

07 des 2012 - 06:08
  • Guozzen

De provinsjes en sân natuer- en lânbou-organisaasjes ha nei lang ûnderhanneljen in akkoart berikt oer de oanpak fan de guozze-oerlêst. Grutte oantallen guozzen soargje al jierren foar in soad problemen foar benammen boeren. Belutsen partijen ha lang praat oer hoe't dat oanpakt wurde moat. Der is no ôfpraat dat de oerwinterjende guozzen mei rêst litten wurde.

De guozzen dy't hjir it hiele jier troch binne wurde yn oantallen werombrocht nei de situaasje fan 2005. It binne dy guozzen dy't foar de measte skea soargje.

Mei wat foar metoade se bestriden wurde sille is noch net dúdlik. Dat wurdt per regio bepraat troch de belutsen partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)