Akkoart oer bedriuweterrein

24 nov 2010 - 17:22

De Fryske Miljeufederaasje en de gemeente Dantumadiel hawwe in akkoart berikt oer it bestimmingsplan foar it bedriuweterrein De Westereen-east. De gemeente Dantumadiel hat de grienfisy foar it plan oanpast en dêrop hat de Miljeufederaasje it berop by de Raad van State foar tongersdei ynlutsen.

De gemeente woe in lânskip mei bosk. Dat wurdt no wizige yn in lânskip dat oanslút by de omjouwing. Dat betsjut ûnder oaren de oanlis fan elzesingels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)