Akkoart oar oandielen Thialf

10 sep 2003 - 00:00

Direkteur Nieweg fan Thialf hat in akkoart sluten mei oandielhâlder Zeilstra. Dy syn oandielen komme yn hanne fan Fryske ynvestearders. De ôfrûne wike wie der in soad ûndúdlik oer de oandielen.

Mei it akkoart moat de ferkeap fan oandielen nei it bûtenlân keard wurde. Dat soe it rêdingsplan skea dwaan. Nieweg tinkt oer in wike de takomst fan Thialf rûn te hawwen. It reedriden komt net yn gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)