Akkoart nije CAO streekferfier

13 jun 2008 - 18:37

De fakbûnen en wurkjouwers yn it streekferfier hawwe freed in akkoart berikt oer in nije CAO foar it streekferfier. Dochs sille de stakingsaksjes foarearst troch gean as in 'stok efter de doar'. De bûnen fine dat de nije CAO pas definityf wurdt at steatssikretaris Tineke Huizinga mei mear jild oer de brêge komt.

It nije CAO-akkoart jildt foar 18 moannen. Ofrûne woansdei bepaalde de rjochter yn Grins noch dat sjauffeurs allinne bûten de spitsoeren stake meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)