Akkoart mei riedseal Ljouwert

25 mrt 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Ljouwert is akkoart mei de kosten foar de nije riedseal. Neist de ferbou fan it âlde stedhûs wurdt foar 2,8 miljoen euro yn in nije riedseal ynvestearre. Neffens wethâlder Krol fertsjinnet dat jild him op termyn werom om't de romtes dy't no brûkt wurde, yn de ferkeap geane.

De lytse partijen hiene wol krityk op de plannen. Yn septimber takom jier moat de riedseal yn it plysjeburo oan it Hôfplein yn Ljouwert klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)