Akkoart mei bou nij Thialf

14 nov 2013 - 15:42

De oandielhâlders fan it nije Thialf binne offisjeel akkoart gien mei de bou fan it nije iisstadion. Dat barde op de earste oandielhâldersgearkomste yn nije foarm. De ynstimming is in formele stap. De oandielhâlders fan it nije Thialf binne de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean.

Op deselde gearkomste binne ek de nije kommissarissen Joop Atsma, Geert Kuiper en Piet Nammensma beneamd. Willem Jan van Elsacker is beneamd ta projektdirekteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)