Akkoart hierwentebou Frjentsjer

16 jun 2004 - 00:00

Troch in akkoart tusken gemeente en wenningbouferienings kinne der yn Frjentsjer mear en gauwer hierwenten boud wurde. Tal fan ôfspraken komme fêst te lizzen yn it lokaal akkoart Frjentsjerteradiel.

De korporaasjes Wonen Noordwest-Fryslân en de wenningstifting Frjentsjer dogge mei yn it akkoart. Troch saken fêst te lizzen, hoecht net by elk projekt alles opnij bediskusearre te wurden. Dêrtroch wurdt in soad tiid wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)