'Akkoart goed foar ekonomy'

11 apr 2013 - 22:43

Goed foar it fertrouwen en dêrmei goed foar de ekonomy. Dat seit foarsitter Durk van Tuinen fan VNO-NCW Fryslân yn in earste reaksje op it sosjaal akkoart dat tongersdeitjûn yn Den Haach sletten is troch it kabinet, de fakbûnen en de wurkjouwers.

Yn it sosjaal akkoart is ûnder oaren ôfpraat dat it grutte pakket oan besunigingsmaatregelen fan fjouwer miljard euro foar takom jier útsteld wurdt. Ek binne maatregels oer de ynkoarting fan de WW en it fersoepeljen fan it ûntslachrjocht ôfswakt of útsteld.

Premier Rutte neamde it akkoart yn in parsekonferinsje histoarysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)