Akkoart by Frisia Sâlt

23 des 2009 - 19:44
  • De meiwurkers fan Frisia krije 1,5%  mear lean

Der is in akkoart sletten tusken de fakbûnen en de direksje fan Frisia Sâlt yn Harns. De fakbûnen drigen woansdei noch mei aksjes as de 1,5% leansferheging der net komme soe, mar dy aksjedriging is no fan de baan, De direksje woe earst net fierder gean as 1%, omdat it bedriuw lêst hawwe soe fan de ekonomyske krisis. De 1,5% komt der yn trije stappen by.

Der is ek oerienstimming berikt oer de winstdieling en de fergoedings foar de stoaringstsjinsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)