Akkoart ferkeap grûn eilannen

04 mrt 2011 - 15:24

Steatsboskbehear en de Waadeilannen hawwe in akkoart berikt oer de ferkeap fan grûn op de eilannen. It giet om grûn fan Steatsboskbehear dy't net yn de natuer leit, mar dy't wol faak foar rekreaasje brûkt wurdt.

Op Skylge giet it om goed 30 persint fan alle grûn dy't SBB dêr hat, op Flylân giet it ûnder oaren om de haven en in tal sportfjilden. Oer de priis fan de grûn moat noch praat wurde. De kommende tiid sil de grûn taksearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)