Akkoart Feenstra en fakbûnen

13 maaie 2013 - 14:52
  • Feenstra Verwarming op it Hearrenfean

De direksje fan Feenstra ferwaarming op It Hearrenfean en de fakbûnen binne it iens wurden oer in sosjaal akkoart. As it personiel dêrmei ynstimt, wurdt der tiisdei net staakt. It akkoart is moandei sletten, flak foar dat der in koart pleit oer begjinne soe.

De direksje fan Feenstra kundige ferline jier oan it bedriuw te sluten. Fakbûn FNV joech oan dat der gjin twongen ûntslaggen plakfine mochten en dat wurknimmers holpen wurde soene by it finen fan in nije baan. Op dit stuit hawwe 50 fan de 125 wurknimmers noch gjin oar wurk fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)