Akkoart fakbûnen en Dunlop

17 des 2012 - 15:47
  • Dunlop yn Drachten

De meiwurkers fan transportbannefabryk Dunlop yn Drachten hâlde foarearst in soarte fan roettaslach en kompensaasje foar oerwurkje. Fakbûnen en direksje ha dêroer ôfspraken makke. Nije aksjes bin no foarearst fan de baan. De leden sille har tongersdei útsprekke oer it ûnderhannelingsresultaat.

Fakbûnsman Henk Korthof fan FNV Bondgenoten tinkt dat de meiwurkers wol ynstimme sille. Ferline wike ferbea de koart pleitrjochter noch in staking by it fabryk. De nachtploech woe it wurk dellizze mar de rjochter fûn dat der earst oerlis komme moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)