Akkoart by Enna Aerosols

21 aug 2003 - 00:00

De direksje fan spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum is akkoart mei de measte COA-easken fan de fakbûnen. Der komt in leansferheging fan 2% en de direksje hat in wurkgarânsje ôfjûn. Ek útstjoerkrêften sille der net minder op wurde.

It akkoart hat lang op him wachtsje litten. Der waard al in dei staakt en de fakbûnen drigen mei nije aksjes. Neffens de bûnen hat dy driging derta bydroegen dat der no in akkoart leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)