Akkermans wer bûnscoach judo

28 feb 2012 - 10:33

Véronique Akkermans út Wommels wurdt opnij bûnscoach junioaren by it Judobûn Nederlân. Se wurdt yn dy funksje ferantwurdlik foar de famkes. De âld-topjudoka wie earder bûnscoach junioaren fan 2000 oant 2005, mar hâlde dêrmei op om in eigen sportsintrum te begjinnen. Yntusken rint dat en hat se wer tiid om ek oare saken te dwaan.

Akkermans begjint op 1 april mei har nije funksje as opfolger fan Mark Huizinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)