A'karspelen ûndersiket opsjes

21 nov 2008 - 10:30

De gemeente Achtkarspelen sil in ferfolchûndersyk ynstelle nei de gearwurking mei oare gemeenten. Dat hat de ried tongersdeitejûn besletten. Takomstige partners moatte foar de gemeente in dúdlike mearwearde hawwe, fynt de ried.

De gemeente sjocht noch net fuortendaliks in needsaak om te fusearen mei oaren. It kolleezje tinkt de útkomsten fan it ûndersyk yn juny 2009 oan de ried foarlizze te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)