Akademyske Pabo yn it Noarden

11 aug 2008 - 19:26

Ek Noard-Nederlân krijt in akademyske Pabo. Dizze saneamde 'Super-Pabo' is in nije learare-oplieding foar it basisûnderwiis, mar dan op universitêr nivo. Der is in soad ferlet fan de nije oplieding, omdat de gewoane learare-oplieding net goed genôch mear oanslút op de praktyk.

Dit jier set de earste akademyske Pabo fan Nederlân út ein yn Utrecht en de belangstelling wie grut. Reden foar de Ryksuniversiteit Grins om ek mei plannen foar sa'n Pabo te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)