Akademy wol nij personiel

12 sep 2014 - 14:42
  • Fryske Akademy wurdt op 't heden ek ferboud. Sa moat it wurde.

Nei jierren fan besuniging fynt de Fryske Akademy it no wer tiid om te ynvestearjen yn wittenskiplik personiel. Troch minder subsydzje binne wichtige fakatueres jierrenlang net ynfolle. De akademy hat sunigeroan dien en ekstern projektjild krige. No is der wer jild foar nije minsken. Dat is bot nedich om as Fryske Akademy ek ynternasjonaal oansjen te hâlden.

De nije minsken moatte goed wêze yn it binnenheljen fan noch mear ekstern jild. It besteande personiel moat him dêr ek mear op rjochtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)