'Akademy kin wol besunigje'

14 okt 2011 - 10:17
  • It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

De wittenskip hoecht net te lijen ûnder de besunigings op de Fryske Akademy. Dat seit deputearre Jannewietske De Vries. De provinsje skrast fiif persint, 50.000 euro. Dat betsjut in klap foar de wittenskip, seit Akademydirekteur Salverda.

Deputearre De Vries wiist derop dat de Akademy in soad ekstra jild krijt foar ûnder oare taalûndersyk en nijbou. Alle subsidiearre organisaasjes moatte fiif prosint ynleverje. De Akademy moat ek by steat wêze dat op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)