Akachar yn byld by Cambuur

30 apr 2004 - 00:00

Sportclub Cambuur hat fuotballer Jamal Akachar fan it twadde fan Ajax foar twa jier fêstlein. Dat skriuwt alteast De Telegraaf freed op de sportside. De oanfaller Akachar (21) krijt by Ajax gjin kontraktferlenging.

Direkteur Ritske Merkus fan Cambuur jout ta dat de Ljouwerter klub ynteressearre is yn Akachar, mar neffens Merkus is der noch net tekene. Akachar foel de ôfrûne jierren op yn duels fan Ajax 2 yn 'e beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)