Ajax-fans pakt om rellen

14 apr 2014 - 22:26
  • ME'er lûkt pistoal foar in warskôgingsskot

Tsien Ajax-supporters binnne moandei oanhâlden foar de rellen op 9 maart, foarôfgeand oan de wedstriid tsjin Cambuur. De fertochten wiene te sjen op televyzjebylden. Neffens plysjekommissaris Pieter-Jaap Aalbersberg folgje de kommende wike mear oanhâldings.

De rellen op 9 maart wiene op de Nieuwmarkt en by it Ajaxstadion. De situaasje rûn sa út de hân, dat guon plysjes it pistoal lutsen. In grut part fan de Cambuursupporters mocht it stadion net yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)